Lenna, Fenna en Floorke 3de op NK pupillen

Ôfrune sneon ha Lenna Koopmans, Fenna Raap en Floorke de Boer foar De Boppeslach in tredde priis wûn op it NK foar pupille famkes yn Dokkum.

Sneon 1 july is yn Dokkum troch Fenna, Lenna en Floorke de 3de wun op it NK foar pupille famkes. Wat oan de ein fan de dei in moaie keatsdei wie, hie ek hiel oars ut pakke kinnen. De hinnereis ferrûn namelijk net hielendal foarspoedich, wat resulteerde dat de dames om 9:58 it fjild op rûnnen. Hiene se 2 minuten letter wist, hiene se nog nei de kinderkermis bij de tinte fan it doarpsfeest kinnen. Gelokkich wiene alle trije dames thús al omklait, want om 10.00 oere moast dêr fourtendalik begien wurde tsjin in partoer fan Stiens. Fan te foaren even yn slaan wie gjin tiid mear foar, dus moest dat mar even yn it earste eerst. 4 bûten en 1-0 achter. Dit wiene ek drekt de lêste ballen bûten dizze party wêrtroch toch simpel 5-1 wûn waard.

It selde gebeurde yn de twadde omloop tsjin twa dames fan Witmarsum. It earste boardsje wie wêr net foar de jonge fammen ut Hommerts, mar de fiif earsten dernei wol. Wêr tsjinstanders nog wolris in bal bûten sloechen, sloechen Lenna en Floorke inkelt ris ien bûten en sloechen sy mei name sitballen. Nei de 5-1 lyke it wol alsof se tochten dat se der al wiene, mar toen kwamen de famkes ut Witmarsum troch goed opslagwurk toch nog werom tot 5-3. Even oarsom yn it perk skrok de famkes ôf en de winst wie binnen. Op nei de tredde omloop.

Dêr wie it partoer fan St. Anne de tsjinstander. Dizze omloop wie wêr itselde ferhaal as de earste twa omlopen. Oan de opslag waarden in soad punten pakt en yn it perk gie it steeds better rinnen mei Fenna en Floorke. Oant 2-2 koe St. Anne goed meikomme, mar dernei ha se hast gjin punt mear hân. Op 5-2 kriigen se de bal die Floorke achteryn opsloech net foarby de keats en waard de heale finale behelle.

Yn de heale finale kwamen Lenna, Fenna en Floorke in bekend partoer tsjin, Skearnegoutum wie namelik de tsjinstânder. De wedstriid begie geliik op, de earste 4 earsten waarden geliik ferdeeld, mar dernei namen de dames ut Hommerts in 4-2 foarsprong. It like de goeie kant ut te gean, mar de krachten floeiden wat fourt, wylts de famkes fan Skearnegoutum just fanôf dit stuit wat op stoom kamen. De Skearnegoutumers rûnnen troch goed te keatsen oer de Hommertsers hinne. Se ha der alles oan dien, mar koene de Skearnegoutumers net fan de winst ôf hâlde. Op 5-4 gie de winst nei Skearnegoutum.  

Hjirmei kaam der in ein oan de NK dei, dy eindige foar  Lenna, Fenna en Floorke yn de heale finale en in dikfertsjinne tredde priis. Dêr wiene al ferskate priizen wûn troch jongens op in NK, mar nog nea hie in famkes partoer in priis wun op in NK wat dizze prestaasje extra bysunder makket. Hjirûnder stean nog oantal foto’s die dizze dei makke binne.


Terug naar overzicht

Sport ook gezellig mee en word lid!

Meld je aan!