De Hommerts-Jutryp partij

Dit jier is foar de earste kear de Hommerts-Jutryp party keatst. Moarns wie it de beurt oan de jeugd en midjes it de beurt oan de senioren.

Moarns om 10.00 wie it earst de beurt oan de jeugd. Dêr namen trije Jutrypers it op tsjin behoorlik mear Hommerters, mar wie de stand nei 2 omlopen wol gelyk. Dus moast der in tredde omloop keats wurde om in winnaar te krijen. Der diene de trije Jutrypers tsjin trije Hommertsers. Yn dizze finale wie it de Hommerts die op 5-5 6-0 wûn. Dermei gie de winst fan de earste editie fan lyts Hommerts-Jutryp nei de Hommerts.

Midjes wie it de beurt oan de senioren. Dêr leine sân perken wêr at yn keatst waard, wêrfan yn seis perken in Hommertser partoer tsjin in Jutryper partoer die. Yn de earste ronde wienen de Jutrypers dudelik better as de Hommertsers, wêrtroch sy nei in ronde in beste foarsprong hien. De twadde ronde wie it precies oarsom en lyke de oerwinning foar Jutryp toch nog yn gefaar te kommen. Oant de lêste wedstriid ta wie it spannend, mar gie de oerwinning nei de Jutryp ta.

Troch dat by de jeugd de oerwinning nei Hommerts gien is en by de senioren nei Jutryo stiet it 1-1. Foar folgend jier en it jier dernei stiet dizze wedstriid ek al op de planning, dan sul de striid wêr fjirder gean. 


Terug naar overzicht

Sport ook gezellig mee en word lid!

Meld je aan!