Hommerts 3de op Ald-Meiers partij
Sneon 26 july binne Lenna, Floorke en Lisa tredde wurden op de Ald-Meiers partij yn Hitzum.
De Boppeslach wie dit jier foar it earst fertsjinwurdiche op de Ald-Meiers partij yn Hitzum. Hoewol se nog skoalfamkes binne diene Lenna Koopmans, Floorke de Boer en Lisa Hornstra (Balk) foar us fernieniging mei oan dizze klassieker foar famkeskeatsers (16 oant en mei 18 jier).
De earste twa omloapen ha se hiel dreech keatst, de earste omloop waard op 5-5 6-4 wûn fan Easterein. De twadde omloop waard iets ienfâldicher wûn fan Niewier, Metslawier en Easternijtsjerk. Nei dizze twa omlopen bleaven de froulje stean, dit betekende dat se ien de fjirde omloop kamen en dertroch ek fersekere wiene fan in priis.
Yn de fjirde omloop trefden se it sterke partoer fan St. Anna. Dizze froulje wiene krekt wat te foar us dames, wêrtroch de wedstriid net wûn wurde koe. Troch dizze prestaasje ha de froulje op de earste dielname fan De Boppeslach fourtendaliks in priis mei nei hûs naam, en dat ek nogris as skoalfamkes. Lokwinske dames!